Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Aldeboarn - Wikipedy

Aldeboarn

de himrik fan Aldeboarn
Fergrutsje
de himrik fan Aldeboarn

Aldeboarn (offisjeel Frysk) is in doarp yn de gemeente Boarnsterhim en hat likernôch 1.480 ynwenners. It doarp is fral ferneamd om de jierlikse gondelfeart.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Aldeboarn wie mûglik al yn de 8e ieu in wichtich hannelsplak oan de Boarn. Yn de tiid dat de Boarn in ferbining foarme mei de Middelsee hie Aldeboarn in protte skipfeart, wat skipbou meibrocht, mei alle beroppen dy't dêrby hearre. Dat hat ek yn de nijkommende ieuen laat ta in protte nearing, Stadichoan is it belang fan it plak lykwols hieltiid lokaler wurden. Dizze ûntwikkeling hat der lykwols al ta laat dat yn it doarp in karakteristyke bou kaam, dy't no as beskermd doarpsoansjen oanwiisd is.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie it doarp in part fan de eardere gemeente Utingeradiel, dêr't it earder lang it haadplak fan west hie. Sûnt 1989 is de namme fan it doarp offisjeel Frysk.

[bewurkje seksje] Tsjerke

Aldeboarn hie oan yn de 18e ieu in dowestienen Bonifatiustsjerke, dy't al yn de 13e ieu boud waard, doe't Aldeboarn tsjerklik in wichtich plak wie. Yn 1723 sloech it waar yn de tsjerketoer, dy't der dêrtroch sa min oan ta wie dat der in nije toer komme moast.

Hjirfan giet it ferhaal dat dy fan Aldeboarn dan ek daalks mar de heechste tsjerketoer fan Fryslân hawwe woenen. Fansels wie de heechste tsjerketoer fan Fryslân dy fan Tsjom, dat de Aldeboarnster gongen op besite yn dat doarp, en brûkten in line om de hichte fan de Tsjomster toer te te mjitten. Doe't se nei ôfrin wat dronken slagge it de Tsjomsters lykwols en snij in stik fan de line ôf. Sadwaande is de Tsjomster toer hieltiid noch de heechste fan Fryslân, en hjitte de Tsjomsters fan Lyntsjesnijers en de Boarnsters fan Tuorkemjitters.

De toer is 1736 - 1737 op 'e nij boud, mar as dat mei dy line dien is, dan hawwe de Boarnsters it koarste stik hân yn stee fan it langste. De toer fan Tsjom is 72m, dy fan Aldeboarn is 30m.

Janko Douwama, dy't yn 1482 yn Aldeboarn berne wie, skreau dat de Magnusfane mûglik yn de tsjerke ferhoalen wêze soe. Dy soe fermuorre wêze, en it doarp wist ek krekt op hokfoar plak fan de muorre dat wie. Lykwols binne der gjin berjochten bekend oer de fynst fan in flagge doe't der yn 1753 in nije tsjerke by de toer boud waard.

De hjoeddeiske tsjerke hat bysûndere souderskilderings, en hat in oargel út 1779.

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Ferbinings

Troch it doarp rint de Boarn. Fan de Boarn nei it noarden nei Smellingerlân rint de Swette; nei it suden rint de Boksleat nei De Deelen. De N392, dy't oan de súdkant fan it doarp rint, jout nei it westen ferbining mei Nes en nei it súdeasten mei Tynje. By it Alddjip lâns jout de Beetsterdyk ferbining nei it easten mei Nij Beets.

[bewurkje seksje] Buorskippen

Ta de himrik fan Aldeboarn wurde ek rekkene: Hinswâlde, Easterborn, Soarremoarre, Poppenhuzen en Warniahuzen.

[bewurkje seksje] Untwikkeling fan it ynwennertal

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Oare talen
Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com