Wezerfrysk
Yn july 1935 is der in "Opa Christians" op Wangerooge forstoarn yn 'e âldens fan 92 jier. Dr. K. Fissen (1951,s.138) fan Oldenburg praette mei him yn it Jeverlanner Platdútsk, mar mei syn wiif, ek fan Wangerooge, praette de âldman yn 'e Wangerooge tongslach mei wurden en in sinbou dy't tichteby it Aldfrysk stiene. It praten yn 'e Wangerooge tongslach neamden de ynwenners "quiddern", en yn it hjoeddeiske Sealterlân hawwe hja it noch oer "kweede". De lêste Wangeroogers brûkten har Fryske tongslach efter sletten doarren as skammen se har dêrfoar. De lêste Fryskprater fan Wangerooge wie Hayo Hayen, forstoarn yn Varel op 22 novimber 1950 (Siebs 1928, s.104). Lit.: dr. N.M. Postema, Om 'e wivedei hinne, kreambrûkmen yn 'e trije Fryslannen, Koperative Utjowerij, Boalsert, 1984, side 169.