Twellingea
Twellingea (Uitwellingerga) is in doarp in de gemeente Wymbritseradiel, wat súdeast fan Snits, mei likernôch 432 ynwenners.
It doarp, dat oan it Ges en de Easterbrêgesleat leit, foarmet tegearre mei Toppenhuzen it twillingdoarp Top en Twel. Oan de súdkant fan it doarp leit it Prinses Margrietkanaal, it Ges jout it doarp ferbining mei de Houkesleat. Fia Toppenhuzen hat it doarp oer de wei ferbining mei Snits. De lizzing oan it wetter, ticht by de Snitser Mar, makket it doarp geskikt foar de wettersport.