Terneuzen
Terneuzen is in stêd en gemeente yn Seelân. De stêd leit dêr't it Kanaal fan Gent nei Terneuzen op de Westerskelde útkomt en foarmet dêrmei foar in part de seehaven fan Gent. Terneuzen hat dêrtroch de fjirdgrutste haven fan Nederlân. As grutste plak yn Sieuwsk-Flaanderen hat de stêd foar dat gebiet in sintrumfunksje.