Sealterfrysk
|
It Sealterfrysk, ek wol Sealterlânk of Sealtersk neamd, is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. It is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan 'e Iems oant 'e Wezer sprutsen waard. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.
It Sealterfrysk wurdt sprutsen yn 'e gemeente Sealterlân (Dútsk: Saterland), yn it noardwesten fan 'e dielsteat Nedersaksen, bewesten de stêd Aldenboarch, sa'n fyftich km fan 'e Nederlânske grins by Nijeskâns ôf. Sealterlân, dat in gebiet fan 123 km2 beslacht, heart ta de Landkreis Kloppenboarch fan it Regierungsbezirk Wezer-Iems. It gemeentehûs stiet yn Roomelse (Dútsk: Ramsloh).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Tal Sprekkers
Der binne hjoed de dei, neffens in ûndersyk út 1998, noch sa'n 2.250 minsken dy't it Sealterfrysk sprekke kinne, mar dêrfan behearskje mar sa'n 1.000 lju dy taal echt goed. Dy minsken hearre fansels foar it grutste part by de âlderein, mar bemoedigjend is, dat neffens guon tellings it tal Sealtersktaligen wer stadichoan oan it tanimmen is.
As men as sprekkerstal 2.250 oanhâldt, kin men sizze dat 19,6% fan 'e likernôch 11.500 ynwenners fan Sealterlân tsjintwurdich de eigen taal noch sprekt. Dat liket net in soad, mar men moat wol foar it ferstân hâlde dat hast 70% fan 'e tsjintwurdige ynwenners fan Sealterlân harren dêr sûnt 'e Twadde Wrâldoarloch nei wenjen set hawwe en dus nea Sealtersktalich west hawwe. Men soe dus sizze kinne dat der fan 'e 11.500 Sealterlanners mar 3.500 Sealterfriezen binne - mei mooglik nochris in 500 of sa om utens.
Mar ek ûnder de Sealterfriezen is de eigen taal yn it neigean rekke. Sa sprekt fan 'e âldste generaasje ynwenners fan Sealterlân (berne foar 1940) noch 35% Sealterfrysk, wylst fan 'e jongste generaasje (berne nei 1970) noch mar 16% de taal machtich is. Boppedat jout tsjintwurdich net mear as in fjirde part fan 'e Sealtersktaligen de eigen taal troch oan 'e bern. Dat komt foar in grut part mei om't mar 15% fan 'e houliken fan Sealterfriezen mei in Sealterfryske partner sletten wurde. Oars sein: 85% fan 'e houliken fan Sealterfriezen binne mei in partner dy't fan hûs út Nederdútsk- of Dútsktalich is.
De measte Sealterfriezen steane ridlik oant tige posityf foar harren taal oer en in protte fan harren binne lid fan 'e Seelter Buund (it "Sealtersk Bûn"), yn it Dútsk Heimatverein Saterland ("Streekferiening Sealterlân") neamd. Dy Seelter Buund is de spille fan it Sealterfryske taal- en kultueraktivisme, al rekkenet dy it Sealterlânske Nederdútsk ek ta syn wurkgebiet.
[bewurkje seksje] Skiednis
[bewurkje seksje] It Oerlibjen fan it Sealterfrysk
Yn 'e Midsieuwen hearde al it gebiet fan 'e Nederlânske grins oant en mei it lân Wûrsten, oan 'e eastkant fan 'e rivier de Wezer, ta it Eastfryske taalgebiet. Mar fan likernôch 1500 ôf binne alle Eastfryske dialekten útsein it Sealterfrysk útstoarn. It lêste oerlibjende dialekt bûten Sealterlân wie it Wangereagersk, dat op it Waadeilân Wangereach sprutsen waard en dêr't de lêste sprekker fan kaam te ferstjerren yn 1954.
Der binne in stikmannich faktoaren dy't bydroegen hawwe oan it behâld fan it Sealterfrysk. Yn it foarste plak wie Sealterlân ieuwenlang relatyf isolearre fan fan 'e bûtenwrâld troch syn lizzing op in sâneilân middenmank ûnbegeanbere heechfeanmoerassen. De iennichste manear om it gebiet te berikken wie ornaris fia de Sealter-Iems (Sealterfrysk: Seelter Äi), dy't der trochhinne streamt. Allinne winterdeis, as de moerassen beferzen wienen, koe men Sealterlân oer lân berikke.
Fierders gong de Yndustriële Revolúsje oan Sealterlân foarby en bleau oant yn dizze tiid in plattelânsgebiet. Wichtige middels fan bestean wiene oant likernôch 1800 hannel en skipfeart oer de Seelter Äi en dêrnei turfgraverij en yn it noarden houten skipsbou. Fan 1900 ôf waard lânbou op 'e kultivearre hege feanen fan belang.
Boppedat hold it Sealterfrysk yn Sealterlân altiten in hegere hege status as it Nederdútsk, dat yn 'e omlizzende gebieten sprutsen waard en dat troch de Sealterfriezen lang sjoen waard as minderweardich.
En ek wie fan belang dat Sealterlân nei de herfoarming troch de biskoppen fan Munster rekatolisearre waard. Dêrtroch waarden de bannen mei de oare Eastfryske gebieten, dy't itsij luthersk, itsij kalvinistysk wurden wienen, ferbrutsen en hie it útstjerren fan 'e oare Eastfryske dialekten dêre gjin neidielige gefolgen foar it Sealterfrysk.
[bewurkje seksje] It Sealterfrysk Untdutsen
It Sealterfrysk is oerlevere út optekenings fan reizgers en taalkundigen fan likernôch 1800 ôf. Oant 'e twadde helte fan 'e tweintichste ieu hienen de Sealterfriezen eins gjin besef fan har eigen taal. Se wisten wol dat it Sealterfrysk oars wie as de Nederdútske dialekten dy't om harren hinne sprutsen waarden, mar hienen gjin idee dat it eins in foarm fan it Frysk wie. Ek wie it frijwol útslutend in sprektaal en bestie der gjin stavering. Pas fan likernôch 1950 ôf waard it Sealterfrysk as skriuwtaal brûkt.
[bewurkje seksje] Delgong
In kearpunt yn 'e skiednis fan it Sealterfrysk kaam yn 1945. Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch kamen der yn Sealterlân, krekt as yn hiele West-Dútslân, nammentlik withoefolle flechtlingen út 'e eastlike gebieten (Sileezje, Poasen, Pommeren en West- en East-Prusen), dy't Dútslân ôfstean moatten hie oan Poalen. It tal flechtlingen wie net folle leger as it tal Sealterfriezen en eltsenien waard ferplichte neffens de romte yn syn hûs guon fan dy flechtlingen op te nimmen. Wylst guon fan harren har oanpasten en Sealterfrysk learden, ferbruts de mearderheid him net en spruts gewoan Dútsk of Nederdútsk. Om't de flechtlingen net mear werom koenen, setten in protte fan harren har yn Sealterlân nei wenjen; sa rekke it Sealterfrysk yn ien klap syn posysje as taal fan 'e mearderheid fan 'e befolking yn Sealterlân kwyt.
[bewurkje seksje] Weroplibbing
De earste Sealterfries dy't it belang fan it behâld fan 'e eigen taal ynseach, wie Hermann Janssen. Yn 'e sechstiger jierren lei dy kontakten mei akademisy lykas de Amerikaan dr. Marron C. Fort, dy't ferbûn wie (en is) oan 'e Universiteit fan Aldenboarch. Dy akademisy soargen derfoar dat it Sealterfrysk bekendheid krige as iennichst oerlibjende foarm fan it Eastfrysk.
As gefolch dêrfan waarden der fia de Grutfryske Rie foar it earst kontakten lein mei de Eastfriezen, Noardfriezen en Westerlauwerske Friezen. En oan 'e Universiteit fan Aldenboarch waard de Arbeitsstelle Niederdeutsch und Saterfriesisch ("Wurkkring Nederdútsk en Sealterfrysk") oprjochte, dy't it ûndersyk nei alle taalfoarmen tusken de Iems en de Wezer koördinearje moast.
Yn 1980 kaam Marron Fort syn mânske "Saterfriesisches Wörterbuch" ("Sealterfrysk Wurdboek") út. In oare tige wichtige útjefte foar it Sealterfrysk wie "Lound un Nomen" ("Lân en Nammen"), in beskriuwing fan Sealterlânske topografyske nammen, dat troch de út it Westerlauwersk Fryske Stiens ôfkomstige Pyt Kramer gearstald waard. Ek ferskynde yn 1992 it earste fan trije dielen fan in grou etymologysk Sealterfrysk wurdboek fan 'e selde skriuwer.
[bewurkje seksje] Stavering
De Sealterfryske stavering is troch dr. Marron Fort gearstald foar yn "Saterfriesisches Wörterbuch". Yn tsjinstelling ta eardere staveringsfoarstellen wurdt dizze oer it algemien beskôge as maklik lêsber, om't er tichteby dy fan it Dútsk bliuwt. Sa is ûnder mear de saneamde Großschreibung, it Dútske gebrûk om haadwurden te begjinnen mei in haadletter, oernommen. Ek binne der guon letters mei diakrityske tekens ynfierd, dêr't guon fan al en oare net yn it Dútsk foarkomme ("ä", "ì", "ò", "ö", "ù", "ü").
Yn'e njoggentiger jieren is dy stavering wat oanpast, ûnder oare troch de Westerlauwerske Fries Pyt Kramer. De klamtekens binne hjiryn ôfskaft en heallange fokalen wurde no mei twa tekens skreaun (bygelyks Fugel > Fuugel).
[bewurkje seksje] Dialekten
Fanâlds bestie Sealterlân út trije doarpen, Roomelse (Dútsk: Ramsloh), Schäddel (Scharrel) en Strukelje (Strücklingen). De nije delsetting Seeidelsbierich (Sedelsberg), by Schäddel, hat tsjintwurdich ek de status fan doarp. It Sealterfrysk bestiet út trije ûnderling fersteanbere dialekten, dy't oerienkomme mei de trije histoaryske doarpen. Yn Seeidelsbierich, wat in nije koloanje is, wurdt net folle Sealtersk sprutsen; hja dy't it dogge sprekke it dialekt fan Schäddel. De ferskillen tusken de dialekten binne relatyf grut foar sa'n lyts taalgebiet, mar bringe de ûnderlinge fersteanberens net yn gefaar.
[bewurkje seksje] It Sealterfrysk Hjoed de Dei
[bewurkje seksje] Offisjele Erkenning
Tegearre mei it Noardfrysk, it Nederdútsk en fjouwer oare talen waard it Sealterfrysk yn 1998 troch it Dútske regear opjûn ûnder Diel III fan it Jeropeeske Ferdrach foar Regionale of Minderheidstalen. Lykwols lykje de Dútske federale oerheid en de Nedersaksyske dielsteatsregearing fan betinken te wêzen dat de ûndergong fan it Sealterfrysk net mear op te kearen is en se hawwe oant no ta dan ek net in protte jild of enerzjy oan bestege om dat foar te kommen.
Wat it offisjele gebrûk fan it Sealterfrysk yn Sealterlân sels oangiet, kin men op it gemeentehûs op alle ôfdielings yn it Sealterfrysk te wurd stien wurde. Ek kin it boargerlik houlik yn Sealterlân sûnt koarten yn it Sealterfrysk sletten wurde. Ek binne no de Sealterfryske nammen ek op 'e plaknammebuorden oanjûn (en yn it ferlingde dêrfan ferskine hjir en dêr Sealterfryske oantsjuttings op huzen).
[bewurkje seksje] It Sealterfrysk yn it Underwiis
Der binne yn Sealterlân fiif beukerskoallen, twa yn Roomelse en ien elk yn Schäddel, Strukelje en Seeidelsbierich. Tsjintwurdich wurdt op al dy fiif beukerskoallen it Sealterfrysk brûkt. Elk fan 'e fjouwer doarpen yn 'e gemeente hat ek in legere skoalle, dêr't yn 'e earste trije klassen teminsten ien oere yn 'e wike lesjûn wurdt yn it Sealterfrysk, troch de ûnderwizers en/of frijwilligers fan 'e Seelter Buund.
Foar middelber en heger ûnderwiis moatte de Sealterlanners bûten de gemeente wêze en dêr wurdt fansels gjin Sealterfrysk ûnderwiisd. Wol is der in Volkshochschul ("Folkshegeskoalle"), dy't jierliks in Sealterfryske kursus foar tritich minsken oanbiedt. Oan 'e universiteiten fan Göttingen, yn súdeastlik Nedersaksen, en Kiel, yn Sleeswyk-Holstein, wurde kolleezjes oer it Sealterfrysk jûn.
[bewurkje seksje] It Sealterfrysk yn 'e Media
Der binne gjin radio- of tillevyzje-útstjoerings yn it Sealterfrysk, mar yn 'e beide regionale kranten dy't it gebiet bestrike, de "General-Anzeiger", fan Rhauderfehn, en de "Münsterländische Tageszeitung", fan Kloppenboarch, ferskine geregeldwei artikels yn of oer it Sealterfrysk. Ek op 'e regionale tillevyzje-stjoerder NDR (Norddeutsche Rundfunk - "Noarddútske Omrop"), dy't hiele Noard-Dútslân, fan 'e Nederlânske oant 'e Poalske grins, fersoarget, wurdt út en troch oer it Sealterfrysk berjochte.
[bewurkje seksje] It Sealterfrysk yn Literatuer en Toaniel
Hieltyd mear Sealterfriezen begjinne harren taal te skriuwen. Sûnt 1990 binne der twa literêre boeken yn it Sealterfrysk publisearre, dy't poëzij en koarte ferhalen befetsje. Beide hienen in oplage fan tûzen eksimplaren. Fierders binne der inkelde amateurtoanielferienings dy't jierliks in toanielstik yn it Sealterfrysk opfiere.
[bewurkje seksje] It Sealterfrysk yn 'e Tsjerke
Teminsten ienris yn 'e twa jier wurdt der hjoed de dei yn it roomske Sealterlân in mis yn it Sealterfrysk holden.
Fierders is dr. Marron Fort op 't heden dwaande mei it oersetten fan 'e Psalmen en it Nije Testamint yn it Sealterfrysk. Dêrby hat er mei nuveraardige swierrichheden te krijen as er wurden fertale moat dy't yn it Sealterfrysk net besteane, om't se yn in lytse, isolearre plattelânsmienskip nea nedich wienen. Foarbylden dêrfan binne "skipbrek", "stânbyld" en "moardner" (yn 'e hiele skiednis fan Sealterlân is mar ien moard bekend). En ek de filosofyske bespegelings fan 'e apostel Paulus yn syn brieven soargje foar nochal wat swierrichheden by it oersetten.
De Sealterfryske Psalmen en it Nije Testamint binne trouwens net allinne bestimd foar de Sealterfriezen, mar foar it hiele eardere Fryske gebiet tusken de Lauwers en de Wezer, sadat taalbewuste lju dêr harren âlde taal besjen kinne. Dêrom stiet foaryn it mânske wurk dan ek: "Dät näie Tästamänt un do Psoolme in ju aasterlauwers fräiske Uurtoal fon dät Seelterlound, do Groninger Umelounde, Aastfräislound, dät Jeverlound un Butjoarlound" ("It Nije Testamint en de Psalmen yn 'e Easterlauwersk Fryske oertaal fan Sealterlân, de Grinzer Ommelannen, East-Fryslân, Jeverlân en Bûtjadingen").
[bewurkje seksje] Foarbylden
1 Seeltersk is ne Wäästgermaniske Sproake, ju fon soowät 2.200 Moanskene boald wäd in Seelterlound in dät Wääste fon Ooldenbuurich (Niedersachsen), sun 50 km uur dät holloundske Scheed bi Näischans.
2 Sealtersk: Die Wänt strookede dät Wucht uum ju Keeuwe un oapede hier ap do Sooken.
Noardfrysk (Mooringer): Di dreng aide dåt foomen am dåt kan än mäket har aw da siike.
Westerlauwersk Frysk: De jonge streake it famke om it kin en tute har op 'e wangen.
Eastfrysk Leechdútsk: De Jung straktde dat Wicht üm't Kinn to un tuutjede hör up de Wangen.
Nederlânsk: De jongen aaide het meisje om de kin en kuste haar op de wangen.
Dútsk: Der Junge streichelte das Mädchen ums Kinn und küsste sie auf den Wangen.
Ingelsk: The boy caressed the girl round the chin and kissed her on the cheeks.
[bewurkje seksje] Eksterne Keppelings
- Näie Seelter Siede
- Sealter Test-Wikipedia op Wikimedia Incubator.
Kategoryen: Talen | Frysk