Noardwestgermaanske talen
De Noardwestgermaanske talen foarmje in lytse taalgroep dy't heart ta de Westgermaanske talen. Hja hjitte ek wol Ingveoanske talen, Anglo-Fryske talen, Ingelsk-Fryske talen of Noardseegermaanske talen,
De talen fan dizze taalkloft wurde troch likernôch 325 miljoen minsken as memmetaal sprutsen. Fierwei de wichtichste Noardwestgermaanske taal is it Ingelsk. Oare talen yn dizze taalgroep binne Skotsk, Frysk, Noardfrysk en Sealterfrysk. Guon taalkundigen rekkenje it Anglo-Romany, in taal fan Sigeuners yn Ingelân, der ek ta.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Underferdieling
De Noardwestgermaanske talen binne ûnderferdield yn twa groepen:
- de Noardwestgermaanske talen
-
- Angelsaksyske talen
- Ingelsk, Skotsk en Anglo-Romany.
- Fryske talen
- Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk, wêrby fan it lêste allinnich it Sealterfrysk oer is.
-
[bewurkje seksje] Foarbylden
Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden fan ien oant en mei tsien yn 'e Noardwestgermaanske talen.
|
[bewurkje seksje] Skiednis
De Westgermaanske talen ûntstienen nei it útinoarfallen fan de taalienheid fan 'e Noard- en Westgermaanske folken, mûglik yn 'e 5e ieu. Of Westgermaansk in aparte taal west hat is net wis, en ek oer in mûglik Noarwestgermaansk wurdt ûngelyk tocht.
By it begjin fan de de skriftlike oerlevering fan de Westgermaanske talen, yn de 8e ieu, wienen lykwols ûnderskate Noardwestgermaanske talen ûntstien. Fan dy talen is it Aldingelsk oerlevere fan it begjin fan 'e 8e ieu ôf en it Aldfrysk út ien fragmintaryske psalmoersetting út 'e 12e ieu en fierders fan 'e 13e ieu ôf.
[bewurkje seksje] Ingveonismen
De ferskillen dy't de Noardwestgermaanske talen ûnderskiede fan de Súdwestgermaanske talen lizze foar in grut part oan in stikmannich Ingveonismen.
De wichtichste ingveonismen binne:
- Ienheidsmeartal fan tiidwurden
- By de talen oars as de Heechdútske talen waarden de ferskillende ferbûgings wei fan 'e meartalfoarmen fan tiidwurden. It Frysk hat begelyks foar wy en jimme beide hawwe, dêr't it Dútsk wir haben hat mar ihr habt.
- Weromwurkjend gebrûk fan foarnamwurden
- By de Noardwestgermaanske talen waard "sich", it aparte, weromwurkjend foarnamwurd fan de tredde persoan ferfongen troch foarmen fan it oanwizend foarnamwurd. Bygelyks, yn it Frysk is it Hy wasket him. en Sy wasket har.
- Nasaalútfal
- By de Noardwestgermaanske talen foel in nasale klank wei foar beskate ploffers en wriuwlûden. Foar in lytser part barde dit ek yn de Nederfrankysk-Nedersaksyske talen. Bygelyks hat goes yn t Frysk gjin "n" mear, wêr't yn it Nederlânsk gans dy al noch hat.
- Assibilaasje
- Yn de Noardwestgermaanske talen hat assibilaasje west, in lûdferskowing fan 'e 'k' en 'g' ta 'tsj' en 'dzj' of 'j', yn posysjes foarôfgeande oan beskate lûden. Bygelyks, yn it Frysk tsjerke mar yn it Nederlânsk kerk.