Nedersaksen
Nedersaksen (Dútsk: Niedersaksen) is in Dútske dielsteat, yn it noardeasten fan Dútslân. Nedersaksen hat likernôch 8 miljoen ynwenners, en hat in oerflak fan 47.600 km². De Eastfryske waadeilannen hearre ek by Nedersaksen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
Nedersaksen grinst oan de Noardsee, de dielsteaten Sleeswyk-Holstein, Hamburch, Meklenburch-Foarpommeren, Brandenburch, Saksen-Anhalt, Turingen, Hessen en Noardryn-Westfalen en oan Nederlân.
[bewurkje seksje] Skiednis
It lân is neamd nei de eardere bewenners, de Saksen. Dy ha tegearre mei de Chauken it lân bewenne oant de 1e ieu nei Kristus. Fan de earste ieu ôf ha de Saksen harren wengebiet oer it hjoeddeistiche Nedersaksen útwreide en fier dêr búten.
Nedersaksen is stifte nei de Twadde Wrâldkriich, yn 1946, nei't it in part fan 'e Britske besettingssône waard. It waard gearstald út Hannover, sûnt de oarloch wer in aparte Dútske steat, en de frijsteaten Aldenboarch, Braunschweig en Schaumburg-Lippe.
Nei in referindum waard yn 1993 it histoarysk ta Hannover rekkene Amt Neuhaus en in part fan de gemeente Garlitz fan Meklenburch-Foarpommeren ôfskieden en ta Niedersaksen foegd.
Fan 1978 ôf wie de dielsteat yndield yn fjouwer administrative regio's, Regierungsbezirke:
- Braunschweig
- Hannover
- Lüneburg
- Weser-Ems
Yn 2004 binne dy Regierungsbezirke lykwols wer ôfskaft.
[bewurkje seksje] Taal
Yn de dielsteat Nedersaksen binne it Sealterfrysk en it Dútsk de erkinde talen. As wichtigste dialekten wurde yn Niedersaksen dialekten fan it Platdútsk praat, benammen it Eastfrysk Plat.
[bewurkje seksje] Yndieling
De haadstêd is Hannover. De steat is, dy haadstêdregio meiteld, opdield yn 38 distrikten en 8 stêden:
Distrikten:
|
|
|
Stêden:
- Aldenboarch
- Braunschweig
- Delmenhorst
- Emden
- Osnabrück
- Salzgitter
- Wilhelmshaven
- Wolfsburg
Oare wichtige plakken binne Göttingen, Hildesheim en Goslar.
[bewurkje seksje] Minister-presidinten
- 1946-1955: Hinrich Wilhelm Kopf (SPD)
- 1955-1959: Heinrich Hellwege
- 1959-1961: Hinrich Wilhelm Kopf (SPD)
- 1961-1970: Georg Diederrichs (SPD)
- 1970-1976: Alfred Kubel (SPD)
- 1976-1990: Ernst Albrecht (CDU)
- 1990-1998: Gerhard Schröder (SPD)
- 1998-1999: Gerhard Glogowski (SPD)
- 1999-2003: Sigmar Gabriel (SPD)
- 2003-no: Christian Wulff (CDU)
[bewurkje seksje] It wapen
It wapen fan Niedersaksen is in wyt hynder mei in reade eftergrûn. Dit Sachsenross is in âld symboal fan 'e Saksen. De earste bekende ferzje is fan 1361, doe't de Welfen it brûkten as symboal fan harren bân mei Saksen, mar dêrút kin ôflaat wurde dat it as symboal foar de Saksen noch âlder west hawwe moat. It wie eartiids mear in regionaal symboal en wie oars foar de adel net wichtich. Sa waard it mear beskôge as in symboal foar it lân en syn minsken, ynstee fan in symboal foar de hearskende famylje, de Welfen, dy't sels ornaris liuwen op harren wapens hienen. Sa kaam it wapen mei it Sachsenross ta in regionaal identiteitssymboal, dat hjoed de dei noch hieltyd populêr is ûnder de ynwenners fan Niedersaksen.