Jouswier
Jouswier is in lyts doarp yn de gemeente Dongeradiel, dat wat fansiden de wei fan Ie nei Mitselwier leit. It hat nea in grut doarp west. It hie eartiids mar 6 stimmen. No binne der 52 ynwenners.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Jouswier diel út fan de gemeente East-Dongeradiel.
Allear wienen in pear states yn it doarp, mar dy wienen yn 1800 al ôfbrutsen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De tsjerke
It pronkstik fan Jouswier is de tsjerke. De tsjerke wie wijd oan Petrus. De bou fan de tsjinwurdige tsjerke wie yn 1557. Yn 'e rin fan'e tiid is er faak ferboud. Yn 1987 hat der in restauraasje plak fûn. De tsjerke stiet der no wer yn syn âlde gloarje.
De tsjerke is oerdroegen oan de stichting 'Alde Fryske Tsjerken'.
Yn de tsjerke is gjin elektryske ferljochting. Op de banken steane blakers en der hingje kearsekroanen.
Opfallend binne de trije roubuorden foar de Bergsma's. De Bergsma's hawwe as wapen trije bargen. Dêrtroch wurdt de tsjerke ek wol de "Bargetsjerke" neamd.
[bewurkje seksje] De toer
De toer is klear kommen yn 1752. Hy hat in sealdaktoer en der hinget in klok út 1395 yn. Dizze is getten troch Hermanus.
[bewurkje seksje] De Bergsma's
De Bergsma's stamme ôf fan Pyter Arriens (1668- om 1735 hinne). Bergsma urf fan syn beppe de state Berghwegen yn Ingwierum en it wapen mei de trije bargen.
Pyter waard sa in man fan stân, mei in protte lân. Hy waard notaris yn Dokkum. Syn neiteam brocht it fier. Willem Bergsma hat it ta grytman fan Eastdongeradiel brocht.