It Ges
It Ges is in streamke troch it twjillingdoarp Toppenhuzen/Twellingea. It Ges foarmet in ferbining tusken de Houkesleat en in Prinses Margrietkanaal.
Fan oarsprong wie it nei alle gedachten ôfwettering fan it heachfean. Yn letter tiden wie it foar de boeren fan it twjillingdoarp in wichtiche farwei, ûnder oaren om fia it Ges en de dwersfearten de miedlannen berikke te kinnen.
It Ges begjint hjoed de dei by it Prinses Margrietkanaal. Yn Twellingea komt de Easterbrêgesleat op it streamke út. Oan de noardein fan Toppenhuzen komme de Douwesleat en de Broersleat op it Ges út. Uteinlik komt it gear mei de Houkesleat, en rinne de twa wetters tegearre nei Snits.