Iduna
Iduna wie it earste Frysk literêre tydfskrift. Iduna ferskynde fan 1845 oant 1862. De sintrale figuer en redakteur wie Harmen Sytstra. It wie yn it begjin in ienmansblêd, mar letter wiene der mear redakteuren en kaam it ûnder de hoede fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse. Sytstra hâlde lykwols oant syn dea de einredaksje fan Iduna.
De namme Iduna ferwiist nei in Noarsk mytologysk figuer, dy't hoeder wie fan de jonkheid fan de goaden.