Denemark
|
Denemark is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd is Kopenhagen (København) en de keninginne fan de konstitúsjonele monargy is sûnt 1972 Margrete II.
Denemark wurdt begrinzgje troch:
- It Skagerrak, yn it noarden
- It Kattegat en Sweden, yn it easten
- De Eastsee en Dútslân, yn it súden
- De Noardsee, yn it westen
Fierder hearre ek Grienlân en de Faeröer ta it Deenske keninkryk. En oant 1944 hearde ek Yslân by Denemark.
[bewurkje seksje] Geografy
Yn Jeropa wurdt it grutste part fan Denemark foarme troch in grut part fan it skiereilân Jutlân (Jylland). Eastlik dêrfan lizze in grut tal fan eilannen. It grutste is Sjellân dêr't de haadstêd leit. Fierder lizze hjir de eilannen Fún, Lollân, Falster en Langelân, en tal fan lytsere eilannen. De grutte eilannen binne ferbûn troch brêgen, en Fún is mei twa brêgen ferbûn mei Jutlân. Tusken Sjellân en Sweden leit de Sont, in smelle seenaute mei dêroerhinne de Sontbrêge. Fierder nei it easten lizze yn de Eastsee noch in stikmannich Deenske eilannen, dêr't Bornholm it grutste fan is.
[bewurkje seksje] Gearwurking
Denemark is in stiftend lid fan de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949) en de Rie fan Jeropa (1949). Sûnt 1973 is it lân lid fan de Jeropeeske Uny mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.