Bûnte Miggesnapper
Bûnte Miggesnapper | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Ficedula hypoleuca |
De Bûnte Miggesnapper (Ficedula hypoleuca) is in sjongfûgel út de famylje fan de miggesnappers (Muscicapidae). De Bûnte Miggesnapper is in hoalebrieder mar makket ek wol gebrûk fan nêstkastkes. Krekt as de Feale Miggesnapper siket de Bûnte Miggesnapper foar de ynsektejacht in plak mei goed útsjoch op it jachtgebiet en giet nei in útfal hieltyd nei dat plakje werom.
[bewurkje seksje] Uterlik
De mantsjes hawwe simmers in swarte rêge, in wite búkpartij en in wite flek op de flerken. It wyfke is mear brúneftich mei inselde tekening. Winters is it mantsje yn uterlik net te ûnderskieden fan it wyfke. Se binne sa'n 12 oant 13,5 sm lang.
[bewurkje seksje] Biotoop
De Bûnte Miggesnapper is benammen te finen yn beamrike tunen, parken en leafbosken en mingde bosken. De Bûnte Miggesnapper yt net allinne miggen mar ek rûpen en beien steane op syn menu.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Bûnte Miigesnapper komt foar in it grutste part fan Europa (noarden, súdwesten en súden), yn Aazje en yn parten fan Noard Afrika. Yn East-Europa komt de besibbe Halsbânmiggesnapper foar. De populaasje yn Nederlân wurdt skatten op 14.000 á 18.000 briedpearkes.