Angelsaksen
Angelsaksen is de sammelnamme foar ferskillende Germaanske stammen dy't harren nei it ferfarren fan de Romeinen yn 407, yn de rin fan de 5e ieu en letter yn Ingelân fêstigen.
De stammen kamen út it noardwesten fan Dútslân en Nederlân (de Angelen en de Saksen en de Friezen) en út Denemarken (de Juten).
De Saksen fêstigen harren yn it suden fan it lân, de Juten yn it súdeasten (Kent), de Angelen namen it grutste gebiet yn: it midden en noarden.
Na ferrin fan tiid ûntstie in oantal lytse keninkriken, dy't inoar de hegemony betwisten. Om redenen fan oersichtlikheid wurde meastal allinnich de sân ynfloedrykste neamd ûnder de betiteling heptargy: Kent, Susseks, Wesseks, Esseks, Northumbria, East Anglia en Mersia.
Ein 6e ieu lei it oerwicht by Kent. Paus Gregorius de Grutte befoardere troch Augustinus fan Canterbury it kristenjen fan de Germaanske stammen. Dit liede yn 597 ta de bekearing fan kening Ethelbert fan Kent. Dêrnei naam Northumbria de posysje fan it liederskip oer. Kening Edwin fan Northumbria liet him yn 627 dope, wêrnei't York de sit waard fan in nij bisdom en in katedraalskoalle.
Stadichoan gie de hegemony oer nei Mersia ûnder kening Ethelred fan Mersia. Dit keninkryk krige grutte macht ûnder kening Ethelbald en benammen kening Offa. De lêste bleau foaral bekend troch de grinsdaam dy't hy bouwe liet oan de grins mei Wales (Keltysk gebiet): Offa's Dyke.
Nei Offa krige it keninkryk Wesseks de oerhân. Kening Eibert (802-839) waard troch Northumbria en Mersia erkend as bretwalda (in beneaming foar de primus inter pares en dêrnei yn feite hearsker oer hiel Brittanje). Nei him begûnen de ynfallen fan de Denen (ek wol Wytsings of Noarmannen) en yn de tiid fan kening Alfred de Grutte hienen se in grut diel fan it lân yn hannen. Alfred wist troch in wichtige oerwinning yn de slach by Edington yn 878 in frede te berikken wêrby't Wesseks fierder bûten skot bleau, mar it noard-easten oan de Denen litten wurde moast. Harren oerhearsking stie letter bekend ûnder de namme Danelaw.
Alfreds opfolgers, syn soan Edward de Aldere en dy syn soan Athelstan, wisten de Denen te betwingen en harren gesach út te wreidzjen. Under kening Edgar (959-975) berikte it Angelsaksyske ryk in hichtepunt. De oanfallen fan de Noarmannen holden op en de befolkingsgroepen mongen har ûnderling.
Oan de ein fan de 10e ieu ferfetten de Denen harren oanfallen. Se koenen in skoft ôfkocht wurde troch it beteljen fan it saneamde Danejild, mar yn 1016 waard de Deenske kening Knoet ek kening fan Ingelân. Nei de keningen Harold I en Harthacanute begûn yn 1042 it de oerhearsking troch Wessex ûnder kening Edward de Belider fannijs. Dêrnei naam de Normandyske ynfloed ta, wat útrûn op de Normandyske ferovering fan Ingelân troch Willem de Feroverder yn 1066.