Albatrossen
De Albatrossen (Diomedeidae) binne in famylje seefûgels yn it skift fan de Mokeftigen (Procellariformes). Se komme foar yn de súdlike oseanen en yn de noardelike Stille Oseaan.
Se hawwe lange smelle wjukken wermei se hast har hiele libben oer de see sweve. Op it lân kinne se harren net best rêde en dêr komme se ek allinich om te brieden.
De measte soarten wurde slim bedrige. It tal albatrossen is earst bot weromrûn trochdat de fearren fan de albatrossen brûkt waarden. Tsjinwûrdich wurde de albatrossen bedrige troch ratten en katten dy de aaien, jongen en briedende fûgels oanfalle. Mar ek troch de fersmoarging en foaral it fiskjen mei lange linen. By it fiskjen mei lange linen wurde de albatrossen lokke troch it aas en at se oan de heak sitte dan fersoepe se.
[bewurkje seksje] Klassifikaasje
- Skift: Mokeftigen (Procellariformes)
- Famylje: Albatrossen (Diomedeidae)
- Skaai: (Diomedea)
- Soarte: Swalkalbatros (Diomedea exulans)
- Soarte: Keningsalbatros (Diomedea epomophora)
- Soarte: Amsterdam-eilânalbatros (Diomedea amsterdamensis)
- Skaai: (Phoebastria)
- Soarte: Koartsturtalbatros (Phoebastria albatrus)
- Soarte: Galapagosalbatros (Phoebastria irrorata)
- Soarte: Laysanalbatros (Phoebastria immutabilis)
- Soarte: Swartpoatalbatros (Phoebastria nigripes)
- Skaai: (Thalassarche)
- Soarte: Griiskopalbatros (Thalassarche chrysostoma)
- Soarte: Swartbraualbatros (Thalassarche melanophris)
- Soarte: Bullers Albatros (Thalassarche bulleri)
- Soarte: Wytkapalbatros (Thalassarche cauta)
- Soarte: Gielnoasalbatros (Thalassarche chlororhynchos)
- Skaai: (Phoebetria)
- Soarte: Swarte Albatros (Phoebetria fusca)
- Soarte: Roetkopalbatros (Phoebetria palpebrata)
- Skaai: (Diomedea)
- Famylje: Albatrossen (Diomedeidae)